Musicus Hoite Pruiksma kiest in culturele revolutie voor het artistieke

Er moet altijd een innerlijke noodzaak zijn voor de dingen die je doet. Dat is het leitmotiv dat musicus Hoite Pruiksma (1958) al zijn leven lang hanteert. Dat geldt zeker voor de eerste Fryske Johannes Passion van zijn hand, die in 1999 in Workum in première ging. Dertien jaar heeft hij er aan gewerkt, vijf keer begon hij opnieuw.

Door Marita de Jong

Hoite Pruiksma gaat dwars tegen de huidige tijdsgeest in. Hij kiest voor het ongewone. De Fryske Johannes Passion brengt hij bijvoorbeeld over de provinciegrenzen. Het is één van de redenen waarom hij de stichting Uitzonderlijke Producties heeft opgericht. ,,De stifting stiet foar in wrâld dy’t oars tinkt, wêr’t effisjinsje net foarop stiet.’’ Innovatie en experiment, ook die aspecten boeien hem. Het zijn twee belangrijke doelstellingen van zijn stichting.

De interessante wereld van nu verbindt hij graag met die van de muziek. Daar sluit ook het Brulboei-orgel waar Pruiksma al vanaf 2010 mee bezig is, naadloos op aan. De stichting is inmiddels eigenaar van het bijzondere instrument, een orgel in het water, dat opgaat in zijn omgeving. De veertien pedalen corresponderen met zeven boeien en worden door de combinatie van golfslag en luchtdruk in beweging gezet, waardoor speciale tongen in de boeien in trilling gebracht kunnen worden. Het orgel kan vanaf de wal worden bespeeld. ,,It brulboeioargel beweget him op de grins fan kultuer en natuer. It past by Fryslân: it lân fan wetter. It oargel kin oeral yn de wrâld fia in livestream ynsetten wurde.’’ 

Orgelvergadering 

En wat te denken van een virtueel orgelwerk, dat zal bestaan uit 20 tot 30 historische Friese orgels en die als één groot orgel op elke pc in elke huiskamer te horen zal zijn? De compositie en de film duren zes minuten, met de plaatselijke organist op zijn of haar orgel. De titel van het project: Organum Plenum, wat zoveel betekent als voltallige orgelvergadering.

De culturele wereld heeft dit soort experimenten nodig, vindt Pruiksma. ,,Wat dat oanbelangget ha ik altyd in foartrekkersrol hân. Sa wie ik bygelyks de earste, dy’t om de artistike needsaak sa’n 25 jier ferlyn in projektkoar begûn, lang foardat dat in normaal ferskynsel waard. Dat wie net altyd maklik. Ik krige bygelyks it ferwyt dat ik de bêste minsken by de ferskate koaren weiluts.’’ 

Slager

Pruiksma groeide op in Workum waar zijn vader slager was. Hij leerde er slachten, maar kwam ook al vroeg in aanraking met muziek. Pake en heit dirigeerden koren. De jonge Hoite kreeg vanaf zijn 7e jaar pianoles, maar de animo was niet groot. 

,,Heit en mem moasten my efter de piano skoppe.’’ Dat veranderde toen hij met zijn pianoleraar de kerk van Bolsward binnenstapte. ,,Hy liet my yn de oargelkast sjen en op in oargelpiip blaze. Ik seach al dy oargelpipen, wol tûzend yn myn belibbing, en ik wie ferkocht. Fanôf dy tiid studearre ik eltse dei wol 3 of 4 oeren.’’ 

Ambachtsminsken 

Hij ging naar het conservatorium waar hij kerkorgel en directie studeerde. Toch was de slagerszoon voorbestemd zijn vader op te volgen. Lang heeft hij geaarzeld. ,,It wie de bedoeling dat ik slachter wurde soe. Dat fak ha ik leard, in moai en earlik ambacht. Dêr hâld ik fan: ambachtsminsken. Earst de technyk leare en as je it dêrnei in soad dogge, wurdt it fansels in ambacht. En as je dat ambacht jierren lang útfiere dan kin it keunst wurde, mar dat bepaalt in oar. Ik wie fan doel woarstemakker te wurden, mar op myn tritichste keas ik dochs foar de muzyk.’’ 

Hij was jarenlang vaste dirigent van het Leeuwarder Kamerkoor en werkte als repetitor bij het het Noord Nederlands Concertkoor en het Groot Omroepkoor. Ook gaf hij les aan het conservatorium in Tilburg. Daarnaast richtte hij in 1993 het beroepskoor Capella Frisiae op en acht jaar geleden de Nederlandse Bach Akademie, die zoals het er naar uitziet zal worden opgeheven. ,,De oerheden wolle der gjin jild mear ynstekke. Dan hâldt it op.’’ Pruiksma vindt het spijtig, in maatschappelijk opzicht een gemiste kans voor deze provincie, maar windt zich er niet meer over op. Sterker nog: hij legt zich erbij neer. 

Ferdjipping 

De basis van die levenshouding is gelegd tijdens een pelgrimstocht die hij in 1992 met zijn ex-vrouw maakte naar Santiago de Compostella. Dat was een keerpunt in zijn leven. ,,It wie mei my safier, dat ik myn wurk sels meinaam op fyts-fakânsje nei Sweden. Ik moast ôfstân nimme, alles stie my op in bepaald stuit tsjin. It hat trije moanne duorre foar dat ik myn prestaasjedwang kwyt wie. In protte minsken ha dêr dochs in romantysk idee by, sa’n pylgerreis, mar we ha bygelyks ek seis wiken troch de rein kuiere yn it Central Massive. Dy tocht hat myn libben feroare.’’ 

Vanaf dat moment nam Pruiksma iedere zeven jaar een half jaar vrij. De derde keer in 2013 was dat al niet meer nodig. ,,Foar dy tiid wie ik enoarm yn de bridte dwaande, stie foar fiif koaren mei allegear ferskillende programma’s, oars soe ik my ferfele. Dat doch ik no oars. Myn relativearringsfermogen is folle grutter wurden en ik nim mear tiid foar guon saken. It hat ferdjipping en mear balâns yn myn libben brocht.’’ 

Vertrouwen 

Pruiksma ging weer componeren en maakte eindelijk zijn Johannes Passion af. ,,Ik ha mysels dêr opdracht ta jûn, it is myn Opus 1. Ik hie allinnich mar passys fan oaren útfierd. Ik fielde it as in needsaak dat der ek in Fryske passy komme moast.’’ Die innerlijke noodzaak, daar draait het allemaal om. Dat is iets wat, volgens hem, bij LF 2018 ontbreekt. Pruiksma heeft het gevoel dat er geen duidelijke visie is. ,,Je moatte witte wêrom je eat dogge. Oars moatte jo der net oan begjinne.’’ 

De Friese kunstenaars er bij betrekken, het is volgens Pruiksma noodzaak. ,,Keunstners út dizze provinsje ferbine, mei ynternasjonale grutheden, mei de wrâld om ús hinne. Keunst kin brêgen slaan tusken doarpen, stêden, provinsjes, lânnen, folken. Ik hie Fryslân delsette wollen yn in grutter perspektyf. As in provinsje mei in eigen karakter en folksaard en in eigensinnige kreative wize om swierrichheden op te lossen basearre op lykweardichhyd. Dêr hat Fryslan, ek ynternasjonaal, in soad yn te bieden. 

Vertrouwen is daarbij volgens Pruiksma één van de voorwaarden. Zoals journaliste Gryt van Duinen dat destijds deed voor het Frysk Festival in 2000. ,,Gryt kaam by my. Dy hâlding hat fertuten dien. Ik hoechde my net oan te melden, se hat my frege. Dêr is Orfeo Aqua út ûnstien.’’ De opera naar Orfeo en Eurydice van Gluck, opgevoerd op de Oudegaaster Bombrekken, werd een groot succes, niet in de laatste plaats vanwege de inbreng van regisseur Jos Thie en zijn team. ,,Jos hat it fantastysk foarmjûn. Dêrnei is de opera yn in oare setting noch 65 kear te sjen west op Soestdijk. Dêr kamen 95.000 besikers op ôf. Sa kin it dus gean.’’ 

Gelijkwaardigheid 

Volgens Pruiksma had Thie, ook bij LF2018, een veel grotere inbreng verdiend. ,,Hy kin wat delsette en fielt de Fryske mentaliteit goed oan. We binne yn dizze provinsje hiel bot fan it gelykweardichhydsprinsipe. Net ien is mear as minder as in oar. Dat is historysk sa groeid. Foardat in polityk beslút naam waard, gie it lâns tritich gemeenten en alve stêden: op zijn elfendertigst. De beslútfoarming duorre langer mar waard droegen troch in grut part fan de Friezen, de kearn fan demokrasy. 

De macht leit no by de amtners en de politisi, de minsken dy’t nammens ús it mienskippelike jild ferdiele. Kulturele Haadstêd direkteuren dy’t 130.000 yn it jier fertsjinje, dat wie der yn 2000 net by. Dêrtroch is dy gelykweardichyd fuort en dat fielt eltsenien. Lykwols hoopje ik fansels op in prachtich feest en bysûndere foarstellingen yn 2018, al ha ik der sels neat mei te krijen.’’ 

Pruiksma gaat het liefst zijn eigen gang. Dat betekent dat hij genoegen moet nemen met weinig geld. Hij heeft er voor gekozen om economisch zoveel mogelijk onafhankelijk te zijn. Dat betekende in de praktijk dat hij zijn eigen huizen bouwde of verbouwde. ,,Ik ha der yntusken fjouwer ferboud. It is foar my ûntspanning, it makket de holle leech. Ik ha my altyd foarnaam dat ik sels ekonomsyk ferantwurdelik wêze wol en dat in oar net de dupe wurde moat fan myn keuzes.´´ Hij omschrijft zichzelf als ,,in man fan prinsipes. Ik ferkeapje myn siel net. En dêr fiel ik my goed by.’’ 

Kulturele revolúsje 

Bij het culturele klimaat in de provincie zet Pruiksma zijn kanttekeningen. Hij vindt dat de politiek de verkeerde keuzes maakt. ,,Om ekonomyske motiven wurdt ynset op bygelyks festivals. Dêryn binne besyksifers hillich. Maatskiplike en artistike motiven wurde nei de eftergrûn skood. Festivals drage net of amperoan by oan de ûntwikkeling en fernijing fan de Fryske kultuer. Se binne dêryn te folle rjochte op it konsumptive gedrach fan it publyk. Ik fergelykje dy festivals wolris mei it byld fan in druppel dy’t yn it wetter falt. Dan sjogge jo hiel koart in pylder omheech, in geweldige 'piekervaring', mar as er wer delsakke is, is it kultuerele wetterflak neat heger wurden.'' 

,,Keunstners moatte harren eigen broek mar ophâlde. Dyjingen dy’t skruten binne, harren ideeën net goed ferkeapje kinne, rêdde it net. Dochs seit dat neat oer harren artistike kwaliteiten. It artistike, it fernijende, dêr giet it te min oer. We sitte mei syn allen te folle fêst yn it systeem fan ekonomysk tinken. Op dit stuit sitte we midden yn in kulturele revolúsje, de wrâld feroaret fleanende hurd. Ik ha de stille hoop dat we dêr ta einbeslút better útkomme. Dêr gean ik foar.’’

Laatst gewijzigd op 09-08-2017 om 16:31 uur